It iepen kampioenskip Pearke Teatsen Littenseradiel grut sukses !!!
Ferline jier stiene d’r yn Mantgum 10 twatallen op de teatslist.
Dit jier gongen we foar it dûbele oantal. Mar wij wiene te beskieden. Leafst 35 pearkes hawwe harren opjoen en Teatse om de gemeentelikke titel. It sportfjild yn Mantgum leit hielendal fol mei teatsfjilden, 9 stiks. Eltsenien minimaal twa keer teatse, in winners en in ferliezers ronde. Prachtich is it, eltsenien enthousiast, fûleindich teatse om de teatstitel en de iterspaketten, makke troch supermerk PLUS út eigen doarp. De wedstriidlieder hâldt de gang de hiele dei d’r goed yn en om 16 oere is de winner bekind. Meiinoar it fjid opromje en de priisútrikking op it terras fan de Wjukken. We doare net mear in prognose te meitsjen fan it oantal dielnimmers yn 2009. Soene we op syk moatte nei ekstra fjilden yn it doarp??
Kampioen fan Littenseradiel binne wurden, 1e priis Esther Hoitenga Boazum en Tsjipke Okkema Easterein 2e priis Wiepkje Hiemstra en Feite de Haan, beide Easterein 3e priis Sjoukje Cnossen en Sjirk Gjalt de Groot, beide Mantgum 4e priis Wytske Vermeulen Grins en Arjen Klaversma Mantgum 4e priis Trees Bos en Skelte Anema, beide Mantgum 1e priis yn de ôffalronde Jitske Arends Dronryp en Willard Terpstra Wjelsryp 2e priis Astrid Schots en Kees Merkus, beide Boazum 3e priis Gerbrich Wiersma en André Talman, beide Mantgum En it bleaun noch lang gesellich yn en om de Wjukken yn Mantgum..
Geplaatst op 25 June 2008